Wettertoerbuert Dokkum opknapt

© Omrop Fryslân
De diken, rioelen en de boarterstún yn de Watertorenbuert yn Dokkum wurde foar hast acht ton opknapt. Dat hat de gemeenteried fan Dongeradiel tongersdei besletten. De opknapbeurt is ûnderdiel fan de renovaasje fan de hiele wyk.
Earder waarden al 72 huzen sloopt. Dêrfoar yn 't plak komme nije keap- en hierwenten. It wurk oan de diken en it rioel begjint nei alle gedachten al yn maart.