Moskee yn aksje foar Marokko

© Omrop Fryslân
De Marokkaanske moskee yn Ljouwert docht mei oan de aksje om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn Marokko. De minsken kinne jild nei de moskee yn de Esdoornstrjitte yn Ljouwert bringe of stoarte op in bankrekken.
It is noch net bekend hoelang't de aksje rint, mar neffens Said Bintajib fan de Religieuze Marokkaanske Mienskip is de need yn Marokko heech. It jild wurdt persoanlik nei Marokko brocht.