Soad jild foar Fryske projekten

27 feb 2004 - 00:00

Yn Den Haach lizze miljoenen euro's klear om Fryske projekten dêr't wurk en soarch kombinearre wurde fierder te helpen. It ministearje fan Sosjale Saken lûkt dêr lanlik 100 miljoen euro foar út. It giet dan om projekten dy't fuortkaam binne út it wurk fan de kommisje 'Dagindeling'.

Troch dy kommisje binne ek yn Fryslân in grut tal inisjativen fan de grûn kaam. Dat makket dat hjir in potinsjeel flink bedrach bestege wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)