Noch 3 farianten trasee Heak
Deinum en Ritsumasyl ferskille fan miening oer it trasee dat de Heak om Ljouwert folgje moat. Tongersdei waarden beide doarpen ynformearre oer trije alternativen.
De mooglikheden wiene al bekend, mar de plannen binne no konkreet. Alles is ûndersocht en de ministers fan VROM en Ferkear nimme ein dit jier in beslút. Sy kinne kieze út de westlike, deun by Deinum lâns, en twa eastlike farianten, tusken Ritsumasyl en Ljouwert.