Medisineferpakker MPF nei IBF

© Omrop Fryslân
Medisineferpakker MPF fan Aldehaske ferhuzet nei it Ynternasjonale Bedriuweterrein Fryslân op it Hearrenfean, it saneamde IBF. It bedriuw wie eins fan doel om in plakje te sykjen yn Lelystêd, mar hat der dochs foar keazen om yn Fryslân te bliuwen. Der wurkje 110 minsken by MPF.
MPF is it earste bedriuw dat profitearret fan 'e útjefte fan lytsere kavels op it IBF. MPF keapet tsien bunder en ynvestearret acht miljoen.