Eks-fertochte wol rektifikaasje

© Omrop Fryslân
In 27-jierrige man út Haulerwyk dy't yn jannewaris te'n ûnrjochte oppakt waard foar fertinking fan moard op kafeebaas Fokko Werkman fan De Haule, easket rektifikaasje fan de Nije Eaststellingwerver.
De lokale krante publisearre in foto fan it hûs fan de man en gegevens dêr't maklik út konkludearre wurde koe om wa't it gie. De man fielt him yn syn privacy skeind en easket fia in koart pleit rektifikaasje.