Eask: 8 jier foar ûntfiering

© Omrop Fryslân
Offisier fan justysje Ten Kate hat tongersdei acht jier selstraf easke foar de ûntfiering fan Lusanne van der Gun. De offisier easke acht jier sel fanwege it gizeljen fan Lusanne. Boppedat is de rjochtsoarder earnstich skokt troch de die fan 'e Ryptsjerker, sa sei de offisier fan justysje.
Advokaat Van der Goot fan 'e ûntfierder fynt de eask te heech. De advokaat wiist der op dat de man it libben fan it famke nea bedrige hat.