Sanksjes foar Ljouwerter Krante

26 feb 2004 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert leit de Ljouwerter Krante mooglik sanksjes op. De krante publisearre tongersdei op de foarside fan de earste edysje in foto fan de rjochtsaak oer de ûntfiering fan Lusanne van der Gun. Dêr is de holle fan 'e fertochte dúdlik op te sjen.

De rjochtbank hie bepaald dat de man net herkenber yn byld mei. Wêr't de sanksjes út bestean kinne is op dit stuit noch net dúdlik. De foto soe de dieder in legere straf besoargje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)