Enkête oer 30-km sône

© Omrop Fryslân
De gemeente Littenseradiel wol fan de ynwenners witte hoe't se tinke oer de 30-kilometersônes yn de doarpen. Meikoarten kinne in 150 ynwenners fan de gemeente dêrom in enkête yn de bus ferwachtsje. Ek de skoallen en de doarpsbelangen meie har miening jaan.
Yn alle 29 doarpen fan Littenseradiel binne de lêste fiif jier 30-kilometer sônes yntsteld. Ut reaksjes docht bliken dat net alle ynwenners der like wiis mei binne.