Nije kuier yn Bonifatiusjier

© Omrop Fryslân
Op 21 augustus wurdt kuiertocht 'Het Kloosterpad van 1453' foar it earst holden. Yn it ramt fan it Bonifatius- jier yn Dokkum moat it net in gewoane kuier wurde mar in kultuerhistoarysk evenemint. De tocht rint fan Drachten oer Burgum nei Dokkum.
Yn dy trije plakken stiene foarhinne kleasters dy't troch in paad mei-elkoar ferbûn wiene. Yn 1453 waarden ôfspraken makke oer û.o. feiligens fan it paad. Dêr komt de namme fan de kuier wei.