Mear meldings bernemishanneling

25 feb 2004 - 00:00

It tal meldings fan fermoedens fan bernemishanneling is yn Fryslân bot tanaam. Neffens it buro jeugdsoarch Fryslân, BJF, komt dit troch in provinsjale kampanje dy't minsken opropt by fermoeden fan bernemishanneling, de AMK's, advys- en meldpunten bernemishanneling, te beljen.

Dat hat ad-ynterim-direkteur Dirkse fan BJF woansdei sein. Yn de earste 11 moanne fan 2003 kamen der 35 meldings per moanne binnen. Dat tal is no 100.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)