V.d. Velde-priis foar Tiemersma

25 feb 2004 - 00:00

De Rink van der Velde-priis fan 2004 giet dit jier nei skriuwer Koos Tiemersma. Hy krijt de priis foar syn roman 'De Ljedder'. Dat is woansdeitemiddei bekend makke yn it gemeentehûs fan Drachten.

De sjuery is unanym yn syn beslút en neamt it bekroande boek 'in ferrassend knap wurk'. Mei inoar wiene der 25 boeken ynstjoerd foar de priis. De priis is bedoeld foar oarspronklik en nij Frysk proaza.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)