Beskerme status Van den Berg?

25 feb 2004 - 00:00

Turnster Berber van den Berg fan It Hearrenfean is net op tiid klear foar de earste EK-kwalifikaasjewedstriid fan dit wykein yn Amersfoort. Om dochs kâns te meitsjen op it EK hat har trener Gerben Wiersma by it Gymnastykbûn om in beskerme status frege.

As it fersyk honorearre wurdt dan kin Berber har letter, by wedstriden yn maart en april, dochs noch pleatse. It EK is fan 29 april oant 2 maaie yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)