KNKB slút megadeal ôf

© Omrop Fryslân
It keatsbûn KNKB hat in grutte deal sluten mei nije haadsponsor Friesland Bank. De bank is de kommende seis jier haadsponsor fan de KNKB foar in bedrach fan 900.000 euro. It kontrakt giet 1 jannewaris 2005 yn.
De bank wie fan 1972 oant en mei 2001 ek al haadsponsor fan de KNKB. Dêrnei wie Philishave de jildsjitter fan it keatsbûn. De deal mei de Friesland Bank is it grutste sponsorkontrakt dat oait troch it keatsbûn ôfsletten is.