E-mail gemeenten leit noch plat

© Omrop Fryslân
It e-mailferkear yn hast alle gemeenten yn Fryslân en Grinslân leit al dagenlang plat troch it e-mailfirus Netsky.B. Dat hat GemNet, oanbieder fan elektroanyske kommunikaasjetsjinsten foar gemeenten, woansdei sein.
De problemen binne foaral yn it Noarden, om't it firus hjir as earste útbruts. De finansjele skea rint yn de tsientûzenen euro's. De ferwachting is dat de problemen tongersdei foar it grutste part foarby binne.