Asbest frijkaam by brân Sonac

25 feb 2004 - 00:00

By de brân by Sonac moandeitenacht is wol asbest frijkommen. By it blussen wie net bekend oft der abest yn it dak fan de loads siet. Sonac hat it terrein ôfset en is begûn mei it oprêden fan de asbest.

It is ûnbekend hoefier't de asbest ferspraat is. Op it momint fan de brân waaide it amper. Troch de rein is de asbest mooglik delslein. In buro ûndersiket dat. Bedriuwen yn de buert binne op de hichte brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)