Ofskied Mini & Maxi yn Ljouwert

25 feb 2004 - 00:00

It ferneamde teaterduo Mini & Maxi nimt oan 'e ein fan it jier ôfskied yn Ljouwert. It duo Karel de Rooy as Mini en Peter de Jong as Maxi, sil dat dwaan mei in âldjiersprogramma yn De Harmonie.

Dat hat de regisseur fan de manlju, Jos Thie fan Wergea, bekend makke. Thie hat de ôfrûne 12 jier de shows fan Mini & Maxi regisearre. It duo wol der nei 30 jier mei ophâlde. Oarsaak is de nekhernia fan Peter de Jong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)