Oerdracht Haensmole oan stifting

© Omrop Fryslân
De provinsje draacht de Haensmole by Grou oer oan de stifting Molens De Lege Midden. Dat is de mole dy't earder dit jier ramd waard troch in binnenfeartskip. De mole rekke doe folslein fernield.
As de provinsje en de fersekering it iens binne oer de definitive skeaklaim, wurdt de Haensmole fan dat jild herboud. Dat bart op in oar plak oan de Pikmar. De gemeente Boarnsterhim en De Lege Midden bepale de lokaasje.