Brief oer 'hufterich gedrach'

© Omrop Fryslân
Boargemaster De Jonge en wethâlder Buwalda fan It Hearrenfean wolle witte wat ynwenners fine fan fernielingen en stellerijen. B&W freegje har yn in iepen brief ôf oft 'hufterich gedrach' de noarm wurden is.
Mei de Krystdagen binne der krystbeammen stellen út plantebakken en Wykbehear hat de lêste wiken 200 fytsen út it wetter helle yn it sintrum. B&W fine dat minsken inoar op 'hufterich gedrach' oansprekke moatte.