Kontrôle op miljeutransporten

25 feb 2004 - 00:00

De plysje hat tiisdei yn de hiele provinsje miljeutransporten kontrolearre. Mei inoar waarden 14 auto's tsjinhâlden. By dy 14 waarden nochal wat oertredings konstatearre.

Sa wiene auto's te swier beladen en wiene APK's ferrûn. Ien sjauffeur hie gjin goede beskermingsmiddels foar it ferfier fan gefaarlike stoffen. Fierder wiene papieren net yn oarder. Njonken plysjeminsken wurken ek meiwurkers fan dûane en provinsje mei oan de kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)