Ferkear hat lêst fan waar

© Omrop Fryslân
Ferkear yn Fryslân hat woansdeitemoarn lêst hân fan it waar. Troch snie rieden benammen auto's op de Wâldwei yn beide rjochtingen stadich. Der ha njoggen oanridingen west. Derby wie gjin grutte skea en net ien rekke ferwûne.
De ANWB warskôget automobilisten foar buien mei hagel en snie dy't woansdei yn de rin fan de dei út it noardwesten oer it lân lûke. Yn de buien ûntstiet der glêdens en it sicht is min. Der is dus kâns op files.