Ried Boalsert foar Broeretsjerke

© Omrop Fryslân
In glêzen oerkaping op de ruïne fan de Broeretsjerke is belangriker as de restauraasje fan it histoaryske oargel fan de Martini-tsjerke. Dat fynt de gemeenteried fan Boalsert. De oerkaping komt yn de beneaming foar rykssubsydzje.
Acht riedsleden stimden tiisdeitejûn foar de Broeretsjerke en fjouwer tsjin. De gemeente hat no 1,3 miljoen euro op it kleed foar de Broeretsjerke. Der is goed twa miljoen euro nedich.