Sintrum Drachten wurdt opknapt

24 feb 2004 - 00:00

It sintrum fan Drachten wurdt de kommende jierren foar sa'n seis miljoen euro opknapt. Der komme nije huzen en winkels by it Raadhúsplein en der wurde twa ûndergrûnse parkearkelders boud.

It Raadhúsplein wurdt omboud ta in plein, dêr't auto's net mear komme meie. It gemeentebestjoer fan Smellingerlân wol mei de yngripende plannen it sintrum fan Drachten opknappe en dêrtroch foar it winkeljend publyk oantrekliker meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)