Prizen bêst fersoarge boeken

24 feb 2004 - 00:00

De Liuweprint is tiisdei útrikt oan Douwe Huitema foar it boek De fiifde woansdei 150 jier PC. Oare nominearren wienen De lêzer is in duvel en de Vrije Fries diel 83. De priis is foar it bêst fersoarge Fryske boek fan 2003.

De Welpeprint, foar berneboeken, is útrikt oan Barbara Jonkers foar it boek De tsien fan Nynke fan Hichtum, skreaun troch Anny de Jong. It boek is útjûn by Bornmeer. Oare nominearren wienen Mûske myn famke en 100 dingen en 1 pappegaai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)