Waterman yn basis tsjin Ajax

© Omrop Fryslân
Boy_Waterman stiet woansdei yn ´e goal by Hearrenfean-Ajax. De wedstriid tsjin syn âlde klub Ajax is it debút fan Boy_Waterman yn it earste fan Hearrenfean. De noch mar 20-jierrige Waterman wurdt nei alle gedachten de opfolger fan Hans_Vonk, dy´t nei dit seizoen fuortgiet by Hearrenfean. Vonk kin net spylje tsjin Ajax troch privee-omstannichheden.
Njonken Waterman begjinne ek Hestad en Richard_Knopper yn ´e basis. Knopper foel yn tsjin PSV en skoarde doe ek.