Bûn wol subsidiearre wurk hâlde

© Omrop Fryslân
Fakbûn Abvakabo FNV freget de rjochter ûntslach fan minsken mei subsidiearre wurk yn Ljouwert foar te kommen. Elk gefal soe apart foar de rjochter toetst wurde moatte. Der driigje dit jier 170 subsidiearre arbeidsplakken te ferdwinen yn de haadstêd.
It bûn wol de gefolgen hjirfan bondelje yn in swartboek dat oan 'e gemeenteried oanbean wurdt. Abvakabo FNV fynt dat de gemeente dit jier noch gjin minsken mei subsidiearre wurk dien jaan moat.