'Talant moat plan fan oanpak ha'

© Omrop Fryslân
De fakbûnen wolle mei de direksje fan Talant prate. De soarchynstelling foar handikapten mei 4000 wurknimmers sit finansjeel yn swier waar. Dat hat nei alle gedachten gefolgen foar it personiel. Fakbûn CNV hâlde moandei in ynformaasjejûn foar it personiel. Der wienen 500 minsken.
De fakbûnen wolle dat der in goed sosjaal plan komt. Heal maart makket Talant de sifers bekend. Dan moat ek it plan fan oanpak der lizze.