Brân by Sonac Burgum

© Omrop Fryslân
By in grutte brân by Sonac Burgum is moandeitenacht in part fan in loads mei bistemoal ferlern gien. Der lei sa'n fyftich ton moal yn 'e loads fan it eardere Rendac. By it bedriuw wurdt slachtôffal ferwurke.
Neffens brânwacht en de lieding fan it bedriuw hat der gjin gefaar west foar omwenners. Wol drige it fjoer oer te slaan nei in oare, gruttere loads. Dat waard opkeard. Oer de oarsaak en de skea is noch neat dúdlik.