600 gadingmakkers wetterskip

© Omrop Fryslân
Der bestiet in oerweldigjende belangstelling foar in bestjoersfunksje by wetterskip Fryslân. Foar de 31 bestjoersfunksjes ha yntusken 600 minsken belangstelling toand en in formulier tastjoerd krigen, wêrmei't se harren as kandidaat oanmelde kinne.
De seis Fryske wetterskippen binne op 1 jannewaris fusearre ta ien nij wetterskip Fryslân. Gadingmakkers kinne noch oant 22 maart in formulier oanfreegje by it wetterskip.