Frou wol eigen guod keapje

© Omrop Fryslân
Maaike Schoorstra fan Ljouwert hat in bysûndere aksje op tou set. Sy hat briefkes ophongen, mei it oanbod har eigen eigendommen werom te keapjen.
Schoorstra krige it yn ien wike goed foar de kiezzen. Se moast ferhúzje, har heit stoar en nei de kremaasje wie har hûs leechhelle. Op de stellen kompjûter stiene foto's fan har trouwerij en de iennige foto fan har man en har stoarne heit. Mei de briefkesaksje hopet se de kriminelen te berikken.