Sprekferbod foar trou-amtners

© Omrop Fryslân
Trouamtners fan de gemeente Ljouwert ha fan it haad boargersaken in sprekferbod krigen. Oanlieding hjirfoar is de affêre Eringa. De gemeente Ljouwert hâldt Eringa, dy't gjin homopearen trouwe wol, noch oant 2015 yn tsjinst.
Senior trouamtner Bouwhuis wol dat alle trouamtners de kar krije of sy homo's trouwe of net. Dat is by wethâlder Krol net goed fallen. Hy hat Bouwhuis in feech út de panne jûn. Trouamtners meie no net mear oer de saak prate.