Sven Kramer twad by WK junioaren

23 feb 2004 - 00:00

Sven Kramer is dit wykein twadde wurden by it WK reedriden foar junioaren, yn Amearika. De basis foar syn sulver lei Kramer sneon mei in goede 3 kilometer, dêr't er twadde op waard. Snein wist er mei goede resultaten beslach te lizzen op it twadde plak yn it klassemint, achter de Kanadees Warsylewicz.

Kramer (17) is de soan fan de âld-reedrider Yep Kramer. By de famkes wie der ek in twadde plak foar Nederlân. Ireen Wust helle sulver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)