Soad besikers foar FEC Faria

23 feb 2004 - 00:00

De beurs FEC Faria wurdt takom jier grutter en breder fan opset. It ôfrûne wykein luts de beurs goed achttûzen minsken nei it FEC yn Ljouwert. De beurs is de opfolger fan de senioarebeurs. Dy luts ferline jier noch fiftûzen minsken.

Mei FEC Faria mikte de organisaasje dit jier net inkeld op âldere, mar ek op jongere minsken. Meikoarten is de beurs Huis en Tuin. Dêr wurde tweintichtûzen besikers ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)