Part Harnzer skipswerf útbaarnd

23 feb 2004 - 00:00

In grutte brân hat sneintenacht ien fan de loadsen fan skipswerf Smits yn Harns folslein fernield. De loads waard brûkt foar de opslach fan hout en de restauraasje fan skippen. De brânwacht hat de hiele nacht oan it blussen west.

De brân hat grutte gefolgen foar de skipswerf, sa seit de eigner. Alle skippen yn de loads en de boekhalding binne ferlern gien. De 45 meiwurkers fan de werf binne moandei nei hûs ta stjoerd. De skea is sa'n 4 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)