Plysjeberjochten

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn it wyksintrum oan de Groene Zoom yn Drachten is ôfrûne wike in klûs stellen. De ynbrekkers koene binnenkomme troch in rút te fernielen. Yn de klûs sieten inkelde hûnderten euro's.
De plysje hat sneon in Winamer syn brommer ôfnommen. De jonge naaide by in kontrôle út. Nei in efterfolging koe er oanhâlden wurde. Hy hie gjin brommersertifikaat. Ek wie de brommer net fersekere en wie dy opfierd.