Snits bliuwt yn earedivyzje

© Omrop Fryslân
De foljebalsters fan Snits ha sneon yn in spannende wedstriid mei 3-2 wûn fan Sliedrecht Sport. Mei dy benaude oerwinning hat Snits it earedivyzjeskip foar kommend seizoen feilichsteld.
Yn de earste twa sets like it der op dat it in maklike oerwinning wurde soe, want dy wûnen de Snitser froulju beide kearen mei 25-18. De tredde en fjirde set giene lykwols nei Sliedrecht: 21-25 en 20-25. Yn de beslissende fyfde set gie de winst mei 15-11 wer nei Snits.