Winst Hearrenfean tsjin PSV

© Omrop Fryslân
Fuotbalclub Hearrenfean hat sneon thús mei 3-2 wûn fan PSV. De taskôgers yn it Abe Lenstrastadion seagen in spannende wedstriid. In opstekker foar It Fean, dat wat mindere resultaten hie de lêste wiken. 'Dit koenen we wol brûke,' sei trener De Haan.
PSV kaam twa kear op foarsprong mar Hansson wist trije minuten foar tiid de winnende treffer te meitsjen. Foar de Feansters skoarden earder Väyrynen en Knopper. Hearrenfean stiet no sechsde.