Untploffing by C1000 Dronryp

21 feb 2004 - 00:00

De C1000-supermerk fan Dronryp hat sneontemoarn in skoftke ticht west fanwege in eksploazje. Dy waard feroarsake troch in lieding mei kuolfloeistof dy't ûnder swiere druk losrekke. Gjinien rekke ferwûne.

By de ûntploffing aam de skealike floeistof freon frij. Dat is opromme. Alle farske produkten dy't net ferpakt binne, binne út de winkel fuorthelle. De skea rint yn de tûzenen euro's.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)