Oar plak byld Lely op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat is op syk nei in nije lokaasje foar it stânbyld fan Cornelis Lely, de grûnlizzer fan de Ofslútdyk. It byld dat by Den Oever stiet, wurdt fan syn sokkel helle. Der wurdt dan in replika makke dy't op in 35 meter hege sokkel yn Lelystêd pleatst wurde sil.
Oer in goed heal jier wurdt it orzjinele byld werombrocht nei in nij plak op de Ofslútdyk. Nei alle gedachten komt it net op it Fryske part fan de Ofslútdyk te stean.