Skylger wint WK snert-sieden

21 feb 2004 - 00:00

Undernimmer Cupido fan Skylge is wrâldkampioen snert-sieden wurden. It kampioenskip waard freed hâlden yn Grins. Der diene tsientallen profesjonele en amateurkoks mei.

It wrâldkampioenskip snert-sieden, en ek it WK stamppot-meitsjen, is oait begûn as in grap mar hat ûndertusken in soarte fan kult-status berikt. Cupido krige in sulveren snertleppel en in sulveren opskepleppel, lykas de wrâldkampioen stamppot-meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)