Cambuur hellet 3 punten binnen

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freed op it eigen fjild FC Dordrecht ferslein mei 2-0. Dêrmei helje de Ljouwerters trije punten binnen. It earste doelpunt foel yn de 41ste minút, in treffer út in rebound fan Jan Bruin. It duorre lang foar't de twadde goal makke waard. Yn de 84ste minút kopte Ruben Schaken de 2-0 yn.
Beide ploegen wiene sawat lykwichtich oan inoar, al wiene der mear kânsen foar Cambuur. Manuel Bölstler rekke nei in kertier blessearre nei in misstap.