Esther en Wytse binne troud

© Omrop Fryslân
In dei mei in gouden rantsje wie it freed foar Esther Uhanamure en Wytse van der Zwaag. De Kollumersweachsters koene inoar lang om let it ja-wurd jaan. Nei in lange striid krige Esther fan Minister Verdonk in generaal pardon en kin se by man en bern bliuwe.
It hiele doarp hat yn it spier west om Esther hjir te hâlden. In oare húshâlding yn it doarp wie lykwols yn mineur. Ebrahim Sekandari mei net bliuwe en moat by frou en bern wei.