Undersyk moard Haule sit fêst

© Omrop Fryslân
It ûndersyk nei de moard op kafeebaas Fokko Werkman fan De Haule liket op dea spoar te sitten. Op it moardwapen is gjin oar DNA oantroffen as dat fan it slachtoffer. Der wurdt noch wol ûndersyk dien nei oare DNA-spoaren, mar de kâns dat dit wat opsmyt, is neffens justysje lyts.
Werkman waard oktober ferline jier yn syn hûs achter de kroech ombrocht. Hy wie deaslein mei in parasolstôk. Dêr siet lykwols gjin DNA fan de dieder op.