Argewaasje oer reklamepriis

© Omrop Fryslân
Oer de Fryske reklamepriis is argewaasje ûntstien. Lokale omroppen, lykas Freez FM, fiele har útsletten fan dielname. Yn de Fryske reklamepriis tingje Frysktalige reklamespots fan radio en tv nei de priis foar bêste en aardichste reklame fan dat jier.
In sjuery nominearret in oantal reklames. De nominearre spots binne altyd allinnich bekend fan Omrop Fryslân. Neffens de kommisje binne reklames fan oare omroppen ek wolkom.