Noch gjin fergunning Orion

© Omrop Fryslân
Smellingerlân en de provinsje binne it net iens oer de nije miljeufergunning dy't ôffalferwurker Orion út Drachten krije moat. De provinsje hat yn oparbeidzjen mei it ministearje fan VROM besletten dat der earst in wiidweidiger ûndersyk komme moat foar't de nije miljeufergunning ôfjûn wurdt.
Omdat de brânfeiligens by it bedriuw te winskjen oerlit, wol Smellingerlân sa gau mooglik aksje. De gemeente wol no dêrom allinnich noch advisearjend wêze.