DHL fan Ljouwert nei Drachten

© Omrop Fryslân
Distribúsjekantoar DHL giet út Ljouwert wei. It bedriuw iepenet in festiging yn Drachten. De goed 130 personielsleden fan DHL yn Ljouwert binne freed op 'e hichte brocht. Oft it personeel meigiet nei Drachten is net bekend.
By de nije festiging fan DHL op it bedriuwepark A7 komme 230 minsken te wurkjen. Ek oare distribúsjesintra yn it Noarden wurde wierskynlik sletten. Reden fan de ferhuzing is de sintralere lizzing fan Drachten.