COC tsjin ferlinging kontrakt
De homobelange-organisaasje COC yn Fryslân fynt it net terjochte dat de gemeente Ljouwert it kontrakt mei trou-amtner Nynke Eringa ferlingd hat. Dat skriuwt it COC oan de gemeente.
Neffens de nije trounota fan de gemeente moatte nije amtners belove dat se homopearen trouwe sille. Sittende trou-amtners mei gewissebeswieren tsjin it trouwen fan homopearen, meie dat lykwols wol wegerje. It COC fynt dat dat yn striid is mei de houlikswet.
Trefwurden:
argyf