Ein maart petear oer krûdfabryk

20 feb 2004 - 00:00

It kolleezje fan B&W fan Kollumerlân praat ein maart mei ûndernimmer Van der Most oer in pretpark op it terrein fan it krûdfabryk yn de Kollumerwaard. Yn de plannen foar in attraksjepark binne lykwols ek oare lokaasjes yn byld.

No't it krûdfabryk net brûkt wurde sil as fjoerwurkopslach, komt der ek wer belangstelling fan bedriuwen. Wethâlder Hogendorp wol earst it petear mei V.d. Most ôfwachtsje foar't er it fierder ha wol oer de bestimming fan it terrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)