Minder Europeeske subsydzje

19 feb 2004 - 00:00

Fan elke 100 euro subsydzje dy't it Noarden no noch út Europa krijt, bliuwt nei 2007 noch mar 25 euro oer. Dat is de ferwachting fan deputearre Bijman. Hokker gefolgen dat foar Fryslân ha sil, wit de provinsje no noch net.

De Europese Unie bestiet no noch út 14 lannen. Dêr komme dit jier 10 lannen by, lykas Poalen en de Baltyske Steaten. Noard-Nederlân docht geregeld in berop op Europa. Saken as nije diken wurde no mei Europeesk jild betelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)