Nije beurs FEC-Varia iepene

© Omrop Fryslân
FEC-Varia is de namme fan de nije jierbeurs yn it FEC yn Ljouwert. It evenemint, dat de opfolger is fan de senioarebeurs 50+ Vitaal, is tongersdeitemiddei iepene. 50+ Vitaal wie in grut sukses.
Dochs fûn de organisaasje dat sa'n beurs foar mear minsken nijsgjirrich wêze koe. It nije evenemint is opset yn fjouwer parten: maityd, simmer, hjerst en winter. FEC-Varia duorret noch oant en mei snein.